Unitastsjerkeyp t nh I sion o,eKko
| Unitastsjerke | ||
| lokaasje | ||
| lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| plak | ||
| adres | Legedyk 18 | |
| bysûnderheden | ||
| type bouwurk | oarsp.: tsjerke | |
| boujier | 1925 | |
| arsjitekt | Ane Nauta | |
| monumintale status | gemeentlik monumint | |
| oare ynformaasje | ||
| webside | Prot. tsjerke Wurdum | |
De Unitastsjerke wie de grifformearde tsjerke fan Wurdum. Yn ferbân mei foarming fan in PKN-gemeente waard de tsjerke yn 2003 opjûn en te keap set. De protestantske gemeente fiert harren tsjinsten tenei yn de Martinustsjerke.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke waard yn 1925 neffens in ûntwerp fan Ane Nauta boud foar de grifformearde gemeente fan Wurdum. It gebou ferfong de neogoatyske tsjerke út 1874 oan de Swichumerdyk 11. Dy foargonger bestiet noch jimmeroan en ek al is der in soad oan feroare, der is noch altiten oan it gebou te sjen dat it eartiids in tsjerke west hat.[1]
Op 7 septimber 2003 waard de lêste tsjinst yn de Unitastsjerke holden. It monumintale gebou bleau lykwols sûnder al te grutte feroarings bewarre. De Unitastsjerke hat glês-yn-leadramen dy't yn 1974 neffens it oarspronklike ûntwerp op 'e nij set binne.[2]
Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sûnt 1991 besiet de tsjerke in piipoargel út 1842 fan de Ingelske bouwers Fisher & Wilson, dat yn ferbân mei it sluten fan de tsjerke spitigernôch foar Fryslân ferlern gyng mar wol bestean bleau. Nei de demontaazje ferhûze it ynstrumint nei de grifformeard-frijmakke tsjerke "Het Baken" yn Bergschenhoek.[3]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|